Ga naar inhoud

Nijs

Fryske gearwurking net sillichmeitsjend

17 April 2024

Fryske oerheden wurkje in soad gear. Mar yn regio’s dêr ‘t se dat minder dogge, witte se der somtiden mear rendemint út te heljen. Dat docht bliken út in ferliking yn opdracht fan it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes fan de mjitte fan oerheidsgearwurking yn tsien regio’s. It rapport oer Fryslân datearret fan ein […]

lees meer

Nije ôfspraken: Frysk sichtberder en digitaler

8 April 2024

It ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en de provinsje Fryslân hawwe foar de kommende fiif jier ôfspraken makke foar it stimulearjen fan de Fryske taal. De Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer is moandei 8 april 2024 ûndertekene troch minister Hugo de Jonge en kommissaris fan de Kening Arno Brok. Lês mear oer de ôfspraken

lees meer

Fjouwer Fryske gemeenten kieze tegearre foar wentebou

5 April 2024

De gemeenten Hearrenfean, Ljouwert, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân hawwe yn Den Haag tegearre pleite foar ekstra wenningbou. Se ha op 4 april 2024 harren foarstel oanbean oan minister Hugo de Jonge fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. De fjouwer gemeenten binne feriene yn it Fries Stedelijk Netwerk, ek wol de F4-gemeenten neamd. Mear oer de presintaasje en […]

lees meer

Ofspraken oer behear wâlskanten

2 April 2024

Fryske gemeenten, Wetterskip en provinsje hawwe ein maart 2024 ôfspraken makke oer it behear fan 1760 kilometer wâlskanten fan farwegen. Oan ‘e gearwurkingsoerienkomst gie in jierrenlange tarieding foarôf.

lees meer

Gearwurking Waadgebiet kin profesjoneler

26 May 2023

De gearwurking fan oerheden yn it Waadgebiet mist oertsjûgjen. Dat moat oars, demonstrearret Ruud de Jong, by syn fuortgean as sekretaris fan it Regiecollege Waddengebied. Hy skreau der in livich essay oer. Dat is hjir te lêzen.

lees meer

Gearwurkingsôfspraken Fryslân en Ljouwert fernijt

9 March 2023

De gemeente Ljouwert en provinsje Fryslân hawwe ôfpraat op hokker ûnderdielen se oant 2030 gearwurkje sille. Dit bart ûnder mear op de projekten spoarsône, kulturele ynfrastruktuer en digitalisearring. Neiere ynfolling fan de ôfspraken fynt letter yn 2023 plak. De nije ôfspraken folgje de âlde gearwurkingsaginda op. Op 7 maart 2023 hawwe beide kolleezjes de yntinsje […]

lees meer

Pleit foar Fryske gearwurkings-APK

9 March 2023

De Feriening fan Fryske Gemeenten wol yn byld krije hoe effektyf en effisjint oerheidsgearwurkingen yn de provinsje binne. Dit kin soargje foar in APK fan de mear as 90 gearwurkingen dy ‘t der binne. Mei de fraach oft it yn guon gefallen ferstannich is mei de gearwurking of op deselde foet troch te gean. De […]

lees meer

Fryske Enerzjytafel bondelet ynset enerzjytransysje

1 March 2023

Op it mêd fan enerzjytransysje is op 23 febrewaris 2023 mei de Fryske Enerzjytafel in nije oerheidsgearwurking úteinset. Alle Fryske gemeenten, provinsje, Wetterskip, Liander en de Fryske Enerzjyalliânsje wurkje gear oan de feroarings dy ‘t op enerzjymêd nedich binne. It parseberjocht: Friese Energietafel van start Friese overheden en maatschappelijke organisaties werken samen aan energieopgaven Vandaag […]

lees meer

In ambtnerspool kin Fryslân fierder helpe

14 February 2023

In pool fan amtners dy ‘t ynsetber is foar alle Fryske oerheidsynstellingen kin it wurkgelegenheidsprobleem by de oerheid helpe oplossen, dûbeld wurk foarkomme en amtners nije útdagingen biede. Foar dat model pleitet âld-wethâlder Doeke A. Fokkema yn in ynstjoerd stik: Nij amtlik model foar bestjoerlik Fryslân? De kolleezjes fan de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel jouwe […]

lees meer

Fryslân en Seelân beprate bestjoerlike kwestjes

7 November 2022

Yn Harns en Aldebildtdyk hawwe bestjoerders út Fryslân en Seelân op 2 novimber praat oer bestjoerlike kwestjes dy ‘t yn beide provinsjes spylje. Sa kamen ûnder oare de feiligens yn havens, renovaasje wenten, lânbou en fersilting oan de oarder. Fryslân en Seelân binne al in pear jier mei-inoar yn oerlis: se komme deselde problematyk tsjin. […]

lees meer

Nij gearwurkingsplatfoarm oer bioferskaat

4 November 2022

Natuer- en boere-organisaasjes dy ‘t mei Fryske oerheden gearwurkje om it bioferskaat yn de provinsje te ferbetterjen, hawwe in nij platfoarm lansearre. Op Biodiversiteit.frl is alle ynformaasje oer harren aktiviteiten te finen. Tekst fan it parseberjocht: Het digitale platform Biodiversiteit.frl is op 3 november officieel gelanceerd. Het is een groeiend platform dat in het leven […]

lees meer

Bermgers- en hekkelkoälysje fan gemeenten en boeren

3 November 2022

Seis gemeenten sille yn gearwurking mei boere-organisaasjes soargje dat harren bermgers en hekkelspeesje as grûnstof te brûken is. Dit dogge se tegearre mei de stichting Agricycling, in inisjatyf fan boere-organisaasjes wêrby ‘t ek it wetterskip en de provinsje oansletten binne, meldt it Frysk Deiblêd. De seis gemeenten binne Súdwest-Fryslân, Ljouwert, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân, Harns en Waadhoeke. […]

lees meer

Noardlike gearwurking wreidt út

12 October 2022

Neffens in berjocht fan Omrop Fryslân sil de gemeente Súdwest-Fryslân taheakke wurde oan it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (SNN).

lees meer

Posityf oardiel oer gearwurking

11 October 2022

Uit ûndersyk fan de Noardlike Rekkenkeamer docht bliken dat provinsje en gemeenten goed gearwurkje. It hat mearwearde. Se sitte inoar net yn it paad, ek net as de ien tafersjoch moat hâlde op de oare. It Fryske rapport is hjir te krijen.

lees meer

Pleit foar provinsjale gearwurking

30 September 2022

In koöperaasje fan 650.000 Friezen dy ‘t harren tegearre ynsette foar de provinsje. Dêr kin Fryslân in soad baat by hawwe. Mei dat pleit komt Ingrid van de Vegte fan it Fries Sociaal Planbureau op freed 30 septimber 2022 yn har kollum yn it Frysk Deiblêd.

lees meer

Provinsje en wetterskip besprekke klimaatferoaring

15 September 2022

Mei in serie gebietspetearren wolle provinsje en wetterskip tegearre sjen wat yn regio’s de gefolgen binne fan klimaatferoaring. Dit moat ta oplossingen liede foar wenjen, lânbou, natoer en reskreaasje. Dielnimmers kinne harren fia de link hjirûnder oanmelde op de webside fan it wetterskip. Lês mear: Fryslân klimaatbestindich | Fryslan

lees meer

Tegearre tsjin ûndermyning

9 June 2022

Om ûndermynjende kriminaliteit yn de oerheidswrâld te bestriden, sille de Fryske oerheden gearwurkje. Se sille ûnderling mear kennis en belied ôfstimme en de eigen organisaasjes wjerberder meitsje tsjin ynfloed fan kriminelen. Ek sette se yn op tafersjoch en hanthavening. Boargemasters fan de Fryske gemeenten, de dykgraaf fan Wetterskip Fryslân en de kommissaris fan de Kening […]

lees meer