Fryske oerheden wurkje in soad gear. Mar yn regio’s dêr ‘t se dat minder dogge, witte se der somtiden mear rendemint út te heljen. Dat docht bliken út in ferliking yn opdracht fan it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes fan de mjitte fan oerheidsgearwurking yn tsien regio’s.
It rapport oer Fryslân datearret fan ein 2022. De ûndersikers fan Berenschot konstatearren yn it rapport oer it Bestjoerlike Regionaal Ecosyteem yn Fryslân dat oerheden in soad gearwurkje mar dat net dogge om mei-inoar in soad te berikken.
Ut de ferliking mei oare regio’s docht bliken dat it ek oars kin. Yn Fryslân is gjin strategyske aginda op regionaal nivo, sa ‘t dy der yn Noardeast-Brabân en Midden-Hollân wol is. Fryske gemeenten fine dat de provinsje him tefolle mei harren bemuoit. Yn Brabân gunne gemeenten de provinsje sa ‘n rol just wol, yn Súd-Hollân fine se just dat de provinsje te passyf is. In sintrumgemeente as Ljouwert ferfollet yn Fryslân in binende krêft.
Foar de brede wolfeart yn in regio is de gearwurking tusken oerheden net bepalend. Fryslân skoart goed op bredewolfeartsnivo, mar dêr draacht de gearwurking tusken oerheden beheind oan by. ,,De ynwenners pakke in soad sels op”, konkludearje de ûndersikers. Fryslân kent ek it heechste persintaazje frijwilligerswurk fan de ûndersochte regio’s.
De grafyk jout oan wêr ‘t de oandacht yn de gearwurkingen op rjochte is en hoe ‘t de regio skoart op it mêd fan brede wolfeart.
Foar it Fryske rapport kamen de ûndersikers sa ‘n sechstich gearwurkingen tusken oerheden binnen en bûten de provinsje tsjin. Dat binne der oanmerklik minder as de hûndert dy ‘t Samen Fryslân yntusken yn byld brocht hat.