Gearwurking fan provinsje, gemeenten en soarchorganisaasjes om soarchferliening mei-inoar better te organisearjen en betelber te hâlden.
Alle gemeenten, de provinsje en it wetterskip hawwe yn Fryslân itselde doel: de bewenners, besikers en bedriuwen sa goed mooglik betsjinje. Dat dogge se ôfsûnderlik mar ek troch gear te wurkjen.
Samen Fryslân lit hjirûnder sjen hokker gearwurkingsferbannen der binne, wat se dogge en wat se foar dy betsjutte kinne. Op de pagina Fryske oerheden steane alle koälysjeakkoarten, bestjoerskolleezjes en folksfertsjinwurdigers fan alle Fryske gemeenten, provinsje en wetterskip.


It gearwurkjen hâldt net op by de grins. Fryske oerheden bondelje de krêften ek bûten de eigen provinsje. Foar mear wurk, tsjin de kriminaliteit en foar it boerebelang.
Lês hjirûnder mear103 x tegearre
Alle gearwurkingen binne hjir op in rychje set. Wa binne se, wat dogge se?
By klikke op Provinsjaal komsto by gearwurkingen fan oerheden út alle dielen fan de provinsje.
Klikke op Bopperegionaal bringt gearwurkingen net foaren fan oerheden út in part fan de provinsje. In klik op Bopperegionaal lit gearwurkingen sjen oer de provinsjegrîns hinne.
- Provinsjaal
- Boppelokaal
- Bopperegionaal


Gearwurking fan Fryske gemeenten en maatskiplike organisaasjes om minsken te helpen dy ‘t dakleas binne of dakleas reitsje.

Gearwurking fan provinsje, gemeenten Hearrenfean, Ljouwert, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân en noch inkelde gemeenten, NHL Stenden, Friese Poort en Friesland College om ûndernimmend talint en startende en jonge groeiende bedriuwen te stypjen.

Gearwurking fan gemeenten Hearrenfean, Ljouwert, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân, provinsje, NOM en Port of Harlingen om bedriuwen nei Fryslân te heljen.

Gearwurking fan alle Fryske oerheden foar in gebietsrjochte oanpak foar it lanlik gebiet.

Gearwurking en kennisdieling fan alle Fryske gemeenten, provinsje, Wetterskip, Liander en de Fryske Enerzjy Alliânsje op it mêd fan enerzjytransysje en it realisearjen fan enerzjyopjeften.

Gearwurking tusken ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes om Fryske taal te befoarderjen.

Gearwurking tusken ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskippen, provinsje en Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) om Frysk argyfmateriaal sintraal te bewarjen en rieplachtsje te litten.
Besjoch de website

Gearwurking fan provinsje en wetterskip mei njoggen boere- en natuerorganisaasjes om natuer gebieten mei-inoar en mei de agraryske omjouwing te ferbinen.
Sjoch de webside

Stjoergroep Behear en Underhâld Fryske Farwegen
Gearwurking fan Fryske gemeenten, provinsje en wetterskip om ôfspraken te meitsjen oer 850 kilometer farwegen en 1700 kilometer wâlskanten yn Fryslân.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje

EuropaPact Fryslân
Gearwurking fan provinsje mei alle Fryske gemeenten en hegeskoallen om kânsrike projekten foar Europeeske fûnsen op te setten.

Gearwurking fan Fryske gemeenten (minus eilannen en Eaststellingwerf) en provinsje om rekreative foarsjenningen op lân en wetter oan te lizzen en te ûnderhâlden.
Sjoch de webside

Gearwuking fan Fryske gemeenten, provinsje, Wetterskip en drinkwetterbedriuw Vitens foar skjinner wetter en it op ‘e nij brûken fan ôffalwetter.
Gjin webside, wol in beskriuwing

Gearwurking fan provinsje, gemeenten Ljouwert, It Hearrenfean, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân mei Fryske heger en middelber beropsûnderwiis om bedriuwslibben te stypjen.

Gearwurking fan alle gemeenten om sûnens fan ynwenners te stimulearjen en sûnensproblemen foar te kommen.

Gearwurking fan gemeenten, provinsje en wetterskip op it mêd fan de Omjouwingswet en ynterbestjoerlike beliedsopjeftes.

Gearwurking fan bedriuwen, provinsje, wetterskip, gemeenten en skoallen om Fryslân en aktiviteiten yn Fryslân ûnder de oandacht te bringen.
Toerisme Alliânsje Fryslân
Gearwurking tusken toerismeorganisaasjes om Fryske gastfrijheidssektor te fersterkjen.

Merk Fryslân
Gearwurking fan provinsje en gemeenten om toerisme yn Fryslân te promoatsjen.

Gearwurkingsferbân fan 16 gemeenten, provinsje, wetterskip en publike (oerheidsrelatearre) organisaasjes op it mêd fan arbeidsmerkûntwikkelingen. Werken in Friesland is rjochte op ferbining, ûntwikkeling, beweging en kennisdieling.

Gearwurking fan alle Fryske gemeenten om kennis te dielen en inoar te moetsjen.

Gearwurking fan provinsje, gemeenten, sport – en sûnensorganisaasjes om te soargjen dat elkenien alle dagen mei wille sporte en bewege kin.

Koöperaasje Iepenbiere Ferljochting & Enerzjy Fryslân U.A.
Utfierende tsjinst fan de provinsje, alle Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân en acht oerheidsrelatearre organisaasjes, op it mêd fan iepenbiere ferljochting, enerzjy en laadinynfrastruktuer.

Bedriuw fan gemeenten binnen en bûten Fryslân om húshâldlik ôffal op de duorsumste wize yn te sammeljen en te ferwurkjen.

Gearwurking fan gemeenten en provinsje, ûndernimmers en ûnderwiisynstellings om kennis, ideeën en ûnderfiningen út te wikseljen.

Gearwurking fan alle Fryske gemeenten minus Tytsjerksteradiel om bouprojekten yn Fryslân op uterlike geskiktheid te beoardieljen.

Gearwurking fan alle Fryske gemeenten, provinsje, soarch – en sportorganisaasjes en GGD om de sûnens en it wolwêzen foar elkenien yn Fryslân te befoarderjen.

Gearwurking fan trije gemeenten, provinsje, twa skoallen en Frysk Sosjaal Planburo mei 200 organisaasjes om datadreaun wurken yn Fryslân te stimulearjen.

Gearwurking fan sa ’n 140 oerheden, bedriuwen en organisaasjes om sirkulêre ekonomy en in duorsum Fryslân te befoarderjen.

Gearwurking fan fyftjin Fryske gemeenten om ûndernimmers te advisearjen en finansjeel te stypjen.
Gearwurking fan alle Fryske gemeenten om rampen of krises te bestriden.

Gearwurking fan alle Fryske gemeenten, plysje, Iepenbier Ministearje, Tsjinst Jústisjele Ynrjochtingen, Regysintrum Beskerming en Feiligens, Rie foar de Bernebeskerming, GGZ Friesland, Ferslavingssoarch, Reklassearing, Fryske weningkorporaasjes en GGD / Veiligheidsregio om mei-inoar yngewikkelde problemen op it mêd fan sosjale feiligens oan te pakken.
Fiert hanthavening en tafersjoch út op miljeufergunningen foar alle Fryske gemeenten, provinsje en wetterskip.

Gearwurking fan tolve gemeenten, provinsje, sosjale wurkfoarsjenning, fakbûnen en wurkjouwersorganisaasjes om wurksykjenden mei in útkearing oan de slach te krijen. Helpt wurkjouwers om personiel mei in útkearing yn te setten.
Gearwurking fan alle Fryske gemeenten op it mêd fan Jeugdsoarch. Mei maatskiplike stipe en dielname oan it arbeidsproses.

Gearwurking fan gemeenten Opsterlân en Smellingerlân om bedriuweterrein by Drachten te ûntwikkeljen.

Gearwurking fan gemeenten Hearrenfean en De Fryske Marren om bedriuweterrein by Hearrenfean en De Jouwer te ûntwikkeljen.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje op webside gemeente Hearrenfean.

Gearwurking fan gemeenten Harns, Flylân, Skylge en Waadhoeke dy ‘t in tal taken op sosjaal mêd fersoarget.

Gearwurking fan gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Noardeast-Fryslân mei ûnderwiis en bedriuwslibben om fernijende wutkwizen te finen op it mêd fan wenjen en wurkjen.

Gearwurking fan gemeenten Harns en Waadhoeke om de ekonomy en leefberens fan de raio te fersterkjen.

Gearwurking fan gemeenten Ljouwert, Smellingerlân, Súdwest-Fryslân en Hearrenfean om de ekonomy en wurkgelegenheid te fersterkjen.
Gjin webside, wol ynformaasje út 2019.

Gearwurking fan provinsje mei emeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Smellingerlân en natuer- en boereorganisaasjes om it gebiet om de Sintrale As hinnen moaier te meitsjen.

Stjoergroep Lauwersmar
Gearwurking tusken provinsjes Fryslân en Grinslân, gemeenten Het Hogeland en Noardeast-Fryslân en Steatsboskbehear om natuer yn it Lauwersmargebiet yn stân te hâlden en tagelyk romte te bieden foar ûndernimmen en belibjen.
Sjoch de webside

Oerlisorgaan Nationaal Park Alde Feanen
Gearwurking tusken alle belutsenen dy ‘t in rol hawwe by it Nasjonaal Park Alde Feanen. Fan de kant fan de oerheid binne dit provinsje, wetterskip en gemeenten Ljouwert, Smellingerlân en Tytsjerksteradiel.
Sjoch de webside

Gearwurking tusken gemeente Harns, provinsje en wetterskip om mienskiplike wurksumheden yn de regio op te pakken, lykas it ferbreedzjen fan de slûs Koarnwertersân.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje

Gearwurking tusken gemeente Waadhoeke, provinsje en Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân om it glêstúnbougebiet yn Noardwest-Fryslân út te wreidzjen.
Sjoch de webside

Gearwurking fan natuer- en boere-organisaasjes mei de gemeenten Eaststellingwerf, De Fryske Marren, Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Smellingerlân, Súdwest-Fryslân, Noardeast-Fryslân, Ljouwert, wetterskip en provinsje om bioferskaat yn Fryslân te fergrutsjen.
Sjoch de webside

Gearwurking tusken gemeenten Eaststellingwerf, Opsterlân en Weststellingwerf op it mêd fan utfierende taken lyk as behear, bedriuwsfiering en fergunningferliening.
Sjoch de webside

Gearwurking tusken de gemeente Súdwest-Fryslân, gemeente Ljouwert, Wetterskip Fryslân en de provinsje Fryslân om mei kwalifisearre meiwurkers út de organisaasjes ferskate komplekse en yntegrale opdrachten út te fieren.
Sjoch de webside

Gearwurking fan provinsje en gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân en Tytsjerksteradiel om fia iepenbier ferfier leefberens yn de regio te fergrutsjen. Underdiel fan mienskiplike regeling Mobiliteitsbureau Noordoost-Fryslân.

Gearwurking tusken de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân en Tytsjerksteradiel en provinsje en Wetterskip om it wenjen, rekrearjen en wurkjen yn de regio te fersterkjen.

Bedriuw dat ûnder oare de elektrisiteitsfoarsiening fia it elektrisiteitnetwurk regelet. Oandielen binne yn hannen fan ûnder oare de Fryske gemeenten en provinsje.

Gearwurking fan gemeenten Hearrenfean, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlâ, Weststellingwerf, provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en it Ryk om doarpen en it lânskip sterker te meitsjen.

Gearwurking fan provinsje en gemeente Ljouwert om fia in kultureel programma tinke te litten oer de takomst fan de mienskip, it lânskip en it erfgoed.
Amtlike gearwurking fan gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel.

Bedriuw dat foar de gearwurkjende provinsje en gemeente Hearrenfean soarget foar topsport- en breedtesportiis op It Hearrenfean.

Docht de toeristyske marketing fan de regio foar gemeenten yn Noardeast-Fryslân.

Gearwurking fan 23 musea yn Noardeast-Fryslân yn gearwurking mei oerheden. (datearre ynformaasje)

Gearwurking tusken Ryk, provinsje en gemeenten Noardeast-Fryslân, Achtkarspelen, Dantumadiel en Tytsjerksteradiel.

Provinsje en wetterskip wurkje gear mei gemeenten De Fryske Marren, It Hearrenfean, Ljouwert, Smellingerlân, Súdwest-Fryslân, Opsterlân en Weststtelingwerf en boere- en natoerorganisaasjes om boaiemdelgong yn it feangreidegebiet tsjin te gean.

Sosjaal wurkbedriuw foar de gearwurkjende gemeenten Ljouwert, Hearrenfean, Smellingerlân en Opsterlân en foar oare organisaasjes.
Sosjaal wurkbedriuw foar de gearwurkjende gemeenten Súdwest-Fryslân, Harns, Waadhoeke en De Fryske Marren.

Gearwurking fan gemeente Ljouwert en provinsje mei bedriuwen en ynstellings út wettersektor.

Gearwurking fan gemeente Ljouwert en provinsje mei hûndert bedriuwen en ynstellingen út wettersektor.

Gearwurking fan fiif Waadeilannen om bestjoerskrêft fan ôfsûnderlike gemeenten te fersterkjen.

Dykferbettering fan Koehoal oant Lauwersmar
Gearwurking fan wetterskip, provinsje, Rykswettersteat en gemeenten Noardeast-Fryslân en Waadhoeke om dyk tusken Koehoal en Lauwersmar te ferbetterjen.

Gearwurking fan mear as 55 gemeenten om in folweardige petearpartner te wêzen foar Ryk, provinsjes en oare organisaasjes. Ut Fryslân nimme It Amelân, Dantumadiel, Skiermûntseach en Flylân diel.
Sjoch de webside

Gearwurking fan provinsjes Drinte, Fryslân en Grinslân, gemeenten Grins en Ljouwert en ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat en bedriuwen en soarchorganisaasjes wêrby ‘t minsken wurkje kinne oan harren sûnens.

Gearwurking fan provinsjes Drinte, Fryslân en Grinslân en gemeente Grinslân om te soargjen foar in sportive en fitale maatskippij dêr ‘t sporttalint him optimaal yn ûntwikkelje kin.

Gearwurking fan provinsjes Drinte, Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân, gemeenten Alkmaar, Den Helder, Grinslân en Hollandse Kroon, kennisynstellings en bedriuwen om te wurkjen oan fersnelling fan de enerzjytransysje.

Gearwurking fan provinsjes Drinte, Fryslân en Grinslân, de Europeeske Uny, it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat en Samenwerkingsverband Noord-Nederland om ûndernimmers yn it Noarden te stimulearjen sirkulêrder te wurkjen.

Gearwurking fan agraryske sektor mei Noardlike oerheden, miljeufederaasjes en kennisynstellings om de lânbousektor mei fernijingen te ferduorsumjen en konkurrearender te meitsjen.

Nederlânske Wetterskipsbank
Bank wêrfan de oandielen yn besit binne fan ûnder oaren Wetterskip en provinsje en dy ’t publike projekten finansieret.

Bank Nederlânske Gemeenten
Bank wêrfan de oandielen yn besit binne fan ûnder oare provinsje en Fryske gemeenten en dy’t publike projekten jild liene kin.

Gearwurking fan provinsjes Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân om projekten yn it Waadgebiet mooglik te meitsjen.

Dairy Campus / Dairy Valley
Gearwurking fan provinsje, gemeente Ljouwert, Wagenings University Research, Friesland Campina, LTO en hegeskoallen om de duorsume melkfeehâlderij fierder te ûntwikkeljen.

Gearwurking fan provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte en omjouwingstsjinsten foar kontrôle, tafersjoch en hanthavening fan fergunningen fan grutte risikobedriuwen.

Gearwurking fan 329 Europeeske regio’s om de Europeeske Uny te advisearjen.

Gearwurking fan alle provinsjes en it Ynterprovinsjaal Oerlis yn Brussel om de belangen yn Europa te behertigjen.

Gearwurking fan provinsjes Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân fia in mienskiplike regeling om ekonomy en natuer yn it Waadgebiet te fersterkjen.

Gearwurking fan provinsjes Drinte, Fryslân en Grinslân dy ‘t op ûnôfhinklike wize ûndersyk docht nei de doelmjittigens, effektiviteit en rjochtmjittigens fan de aktiviteiten fan de trije provinsjes.
Sjoch de webside

Gearwurking fan provinsjes Drinte, Fryslân en Grinslân, wetterskippen Hunze en Aa’s, Fryslân en Noorderzijlvest, gemeenten Súdwest-Fryslân en Noordenveld, ministearjes fan Lânbou, Natuerbehear en Voedselkwaliteit en ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en Rykswettersteat oer de wetterkwaliteit, swietwetter, drûchte, klimaatadaptaasje en drinkwetter.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje

Oerlisorgaan Nasjonaal Park Drents-Friese Wold
Gearwurking fan alle oerheden en oare partijen dy ‘t in rol hawwe yn it Nasjonaal Park Drents-Friese Wold. De oerheden dy ‘t hjiroan meidogge, binne: provinsjes Drinte en Fryslân, gemeenten De Wolde, Midden-Drinte, Eaststellingwerf en Westerveld en wetterskip Drintsk-Oeriselske Delta.
Sjoch de webside

De Nije Ofslútdyk
Gearwurking tusken provinsje Fryslân en Noard-Hollân en gemeenten Súdwest-Fryslân en Hollandse Kroon om by de Ofslútdyk projekten te ûntwikkeljen en stimulearje op it mêd fan ekonomy, ekology en enerzjy.
Sjoch de webside

Organisaasje dy ‘t yn opdracht fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit en de provinsjes Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân it behear oer it Waadgebiet regelet.
Sjoch de webside

Fryslân – Seelân
Gearwurking tusken provinsjes, wetterskippen en gemeenten yn Fryslân en Seelân en it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes om kennis út te wikseljen en mienskiplike oplossingen te finen foar problematyk dêr ‘t beide regio’s tsjinoan rinne.
Gjin webside, wol eftergrûnynformaasje út 2018 en 2021 en in essay út 2021.

Drinkwetterbedriuw wêrfan de oandielen ûnder oare yn hannen binnen fan provinsje en gemeenten Tytsjerksteradiel en Súdwest-Fryslân.

Gearwurking fan alle oerheden yn it Waadgebiet om ynformaasje út te wikseljen en advys te jaan oan it Bestjoerlik Oerlis Waadgebied.

Gearwurking fan fiif ministerjes , fjouwer provinsjes en ien wetterskip om opjeften yn Iselmargebiet op te kombinearjen.

Gearwurking fan noardlike oerheden en bedriuwen om Noard-Nederlân as bedriuwslokaasje te promoatsjen.

Gearwurking fan alle wetterskippen om belangen fan wetterskippen te behertigjen en te soargjen foar it dielen fan kennis en gearwurking.
Gearwurking fan alle provinsjes yn Nederlân om it belang fan de provinsjes te behertigjen, kennis te dielen en tsjinsten te ferlienen.
Feriening Nederlanske Gemeenten
Gearwurking fan alle gemeenten yn Nederlân om it belang fan de gemeenten te behertigjen, kennis te dielen en tsjinsten te ferlienen.

Gearwurkingsferbân P10
Gearwurking fan 29 gemeenten (mei Opsterlân, Fryske Marren, Weststellingwerf en Noardeast-Fryslân) om kennis oer it plattelân út te wikseljen.
Lanlike gearwurking fan 40 gemeenten (mei Assen, Emmen, Grins, Ljouwert) op it mêd fan stedske fraachstikken.

Gearwurking fan provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte en gemeenten Assen, Ljouwert, Grins en Emmen om kultuerbelied yn Noard-Nederlân opinoar ôf te stimmen en kultuerdielname te yntinsivearjen, ferbetterjen en befoarderjen.

Gearwurking fan ministearje fan VWS, NOCNSF, Sportstêd Hearrenfean, provinsjes Fryslân, Drinte en Grinslân en gemeenten Hearrenfean, Grins en Emmen om te soargjen dat topsporters en talinten harren optimaal tariede kinne op it heechste poadium.

Gearwurkingsferbân tusken opliedingsfûnsen, brânsjorganisaasjes, sosjale partners en oerheden binnen de trije noardlike provinsjes om de mooglikheden ta oplieding en ûntwikkeling te fergrutsjen.
Gearwurking fan trije noardlike provinsjes om by te dragen oan de ûntwikkeling fan Noard-Nederlân.

Gearwurking fan trije ministearjes en de provinsjes Drinte, Fryslân en Grinslân om de lânbou natuerfreonliker te meitsjen.

Gearwurking op arbeidsmerkgebiet yn Noard-Nederlân fan provinsjes, gemeenten (gjin Fryske ), wetterskippen, bedriuwen, ûnderwiisynstellings en publike organisaasjes.

Bedriuw dat út namme fan Ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat en de provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte de ekonomy yn Noard-Nederlân fersterkje wol.

Gearwurking fan noardlike provinsje, gemeenten Ljouwert, Assen, Grins, Emmen, ûnderwiisynstellingen, ûndernimmers, wurkjouwers, NOM en SNN om de noardlike ekonomy duorsum te fersterkjen.
Nijs

Gearwurking Waadgebiet kin profesjoneler
26 May 2023De gearwurking fan oerheden yn it Waadgebiet mist oertsjûgjen. Dat moat oars, demonstrearret Ruud de Jong, by syn fuortgean as sekretaris fan it Regiecollege Waddengebied. Hy skreau der in livich essay oer. Dat is hjir te lêzen.

Gearwurkingsôfspraken Fryslân en Ljouwert fernijt
9 March 2023De gemeente Ljouwert en provinsje Fryslân hawwe ôfpraat op hokker ûnderdielen se oant 2030 gearwurkje sille. Dit bart ûnder mear op de projekten spoarsône, kulturele ynfrastruktuer en digitalisearring. Neiere ynfolling fan de ôfspraken fynt letter yn 2023 plak. De nije ôfspraken folgje de âlde gearwurkingsaginda op. Op 7 maart 2023 hawwe beide kolleezjes de yntinsje […]