De Feriening fan Fryske Gemeenten wol yn byld krije hoe effektyf en effisjint oerheidsgearwurkingen yn de provinsje binne. Dit kin soargje foar in APK fan de mear as 90 gearwurkingen dy ‘t der binne. Mei de fraach oft it yn guon gefallen ferstannich is mei de gearwurking of op deselde foet troch te gean. De Fryske gemeenten melde dit op 8 maart 2023 yn in brief oan Deputearre Steaten fan Fryslân.