Ga naar inhoud

Fryslân en Seelân beprate bestjoerlike kwestjes

Yn Harns en Aldebildtdyk hawwe bestjoerders út Fryslân en Seelân op 2 novimber praat oer bestjoerlike kwestjes dy ‘t yn beide provinsjes spylje. Sa kamen ûnder oare de feiligens yn havens, renovaasje wenten, lânbou en fersilting oan de oarder. Fryslân en Seelân binne al in pear jier mei-inoar yn oerlis: se komme deselde problematyk tsjin. Troch kennis en ûnderfiningen út te wikseljen, kinne se elkoar fierder bringe by de oanpak dy ‘t se kieze.

By de gearwurking tusken provinsje, wetterskippen en gemeenten út beide provinsjes binne ek ministearjes belutsen.

Foto komt fan Twitter-account fan Marga Vermue, foarsitter fan de Feriening fan Siuwske Gemeenten.