De gemeente Ljouwert en provinsje Fryslân hawwe ôfpraat op hokker ûnderdielen se oant 2030 gearwurkje sille. Dit bart ûnder mear op de projekten spoarsône, kulturele ynfrastruktuer en digitalisearring. Neiere ynfolling fan de ôfspraken fynt letter yn 2023 plak. De nije ôfspraken folgje de âlde gearwurkingsaginda op. Op 7 maart 2023 hawwe beide kolleezjes de yntinsje om fierder gear te wurkjen ûndertekene.