Ga naar inhoud

Ambtenarenpool kan Fryslân verder helpen

Een pool van ambtenaren die inzetbaar is voor alle Friese overheidsinstellingen kan het werkgelegenheidsprobleem bij de overheid helpen oplossen, dubbel werk voorkomen en ambtenaren nieuwe uitdagingen bieden. Voor dat model pleit oud-wethouder Doeke A. Fokkema in een ingezonden stuk:

Nij amtlik model foar bestjoerlik Fryslân?

De kolleezjes fan de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel jouwe oan dat de amtlike gearwurking dy’t dêr keazen is op lange termyn net wurket. Dit stiet net op himsels, bygelyks de gemeenten Noard East Fryslân en Dantumadiel hawwe in gearwurkingsfoarm foar amtners op priemmen set der’t men no fan fynt dat it oars moat.

It liket my goed om efkes fierder nei dit probleem te sjen. As je sjogge nei it tal fakatueres by gemeenten dan hawwe hast alle gemeenten lêst fan krapte op de arbeidsmerk. Benammen amtlike spesjalisten binne min te finen. Dit tekoart nimt allinne mar ta no’t by de oerheid hieltyd kompleksere taken dellein wurde sa as wenningbouimpulsen, “omgevingswet”, cyberkriminaliteit, ûndermining, stikstofmaatregels, takomst natoer en agraryske sektor, asylsikers, kontraktearring soarch en ferfier, Europa, Lelyline, klimaatadaptatie, duorsumens en sirkulaire opjeften, nije impulsen foar de mienskipssin etc.

Doe’t ik wethâlder wie stapten al gauris goeie amtners oer nei buro’s en lieten harrren ferfolgens djoer ynliene, dizze trend hat him trochsetten: soks liedt faaks ta in skeve ferhâlding fan it tal tydlike krachten versus it fêste persoaniel. As jo de website folgje fan www.werkeninfriesland.nl dan nimt it tal fakatueres yn bestjoerlik Fryslân hurd ta. Net allinne by gemeenten, jo sjogge it ek op de websites fan oare bestjoerlike instituten sa as ús Provinsje, it Wetterskip mar ek de Veiligheidsregio. As wy net oppasse ûntstiet der in konkurrinsje striid oangeande amtlik persoaniel tusken de ûnderskate bestjoersynstellingen yn Fryslân. De amtlike kontinuiteit is yn it geding en de striid om de bêste amtners soarget foar in kostenopdriuwend effekt en dus binne de boargers qua kosten en kwaliteit de dupe. 

Bestjoerlik Fryslân soe de útdaging oangean kinne om fan dit mienskiplik probleem in bestjoerlike kâns te meitsjen troch meiinoer it petear oan te gean om te kommen ta in mienskiplike pool of in ynstitút fan spesjalistyske amtners, in soarte fan Stipe Buro Fryslân. Sa’n Buro kin yn opdracht wurkje, persoaniel útliene, mar ek in plak wêze mei oerliz- en sparringstaffels. Kennisinstituten soene op ûnderwerpen oanslute kinne: in brûzplak foar fernijing. Foar amtners kin dit in ferriking fan de funksje wurde. Yn stee fan dat gemeenten itselde tsjil útfine, kinne troch gearwurking dûbele wurksumheden foarkommen wurde. In soad fan de niisneamde komplekse fraachstikken spylje byg. by gemeenten én Provinsje, amtlike gearwurking hjiryn soarget foar yntegrale, dus bettere oplossings. Sa kinne de boargers goedkeaper en better betsjinne wurde.

Wurknimmers soene streekrjocht yn tsjinst komme kinne fan dit Buro, mar ek detachearre wurde kinne út ien fan de dielnimmende (semi)oerheidsynstellings. Fanwege demografyske ûntjouwingen sil dit personeelsprobleem allinne mar grutter wurde. Dus tidich de beakens fersette. Krekt yn Fryslân wêr’t in soad fan dy ynstellings deselde geografyske grinzen ha, wêrby de taal en kultuer stypjend wurkje kinne, soe sa’n gearwurking foar in nij amtlik model hiel goed fan ‘e grûn komme kinne. De reewilligens foar mear gearwurking blykt al út de mienskiplike website fan de oerheden: www.samenfryslân.nl

Omdat de amtlike kapasiteit in lannelik probleem is, soene jo by it Ministearje fan Ynlânske saken foar sa’n Fryske proeftún of fjildlab de hannen aardich op elkoar krije kinne en in grutte kâns dat se sa’n foarbyld skewielje wolle. 

Dizze gedachten sille fêst net hielendal nij wêze, allinne is it foar sa fier by my bekend noch net echt oppakt en fanwege de boppesteande aktuele problemen by in tal gemeenten kin it net folle útstel ferneare. De oprop is gean hjiroer meiinoar yn petear en sykje hoe dizze gearwurking stâl jûn wurde kin. Wa pakt dizze kâns op? De Vereniging Friese Gemeenten of de Provinsje Fryslân?

Doeke A. Fokkema, ald-wethâlder gemeente Tytsjerksteradiel